FNP: provinsje moat skealike planten better bestride

De provinsje Fryslân moat de eigen regels better neilibje as it giet om de bestriding fan skealike planten. Dat fynt de FNP.
© Pexels.com
Neffens de partij krije boeren hieltyd mear lêst fan Jabikskrúswoartel en stikels, dy't oerwaaie út bermen fan de provinsje. Dy planten kinne skealik wêze foar it fee. De FNP is fan betinken dat de provinsje net genôch docht oan bestriding, wylst dat neffens de eigen regels wol moatte soe.