Drachtster moat de sel yn fanwege slaan mei drinkglês

03 des 2019 - 17:37

In man út Drachten moat sân moanne de sel yn, omdat er ien mei in drinkglês yn it gesicht slein hat. Dat wie yn in diskoteek yn Drachten. De 23-jierrige man krige dêr rûzje mei in 29-jierrige ynwenner fan in doarpke yn Smellingerlân.

Bier - Foto: Shutterstock.com

By de rûzje helle de Drachtster út mei it glês. It slachtoffer rûn dêrtroch snijwûnen yn it gesicht op. De Drachtster ûntkent dat er op it momint fan de mishanneling yn de diskoteek wie, mar meardere tsjûgen hawwe him dêr sjoen.

De man siet noch yn syn proeftiid, hy wie krekt twa moanne út de finzenis. Hy moat it slachtoffer ek 1200 euro smertejild betelje.

Trefwurden: 
Drachten selstraf rûzje
(advertinsje)
(advertinsje)