Skriuwster Janny van der Molen wol bern yn Fenezuela helpe

03 des 2019 - 17:36

Berneboekeskriuwster Janny van der Molen wol har ynsette foar in organisaasje dy't derfoar soarget dat earme bern yn Fenezuela yn alle gefallen ien kear deis te iten krije. Se wie foarige wike yn dat lân, om te praten oer in boek dat se skeaun hat oer Anne Frank. Se is bot skrokken fan wat se dêr seach. It lân sit al jierren yn in djippe krisis.

Bern yn Fenezuela - Foto: Janny van der Molen

Sa wie Van der Molen te gast op in Joadske skoalle om oer Anne Frank te praten. Dêr wiene foarhinne fiiftûzen learlingen en no noch mar sânhûndert. De stimming yn it lân is bytiden antysemitysk en de minsken dy't fuort kinne, gean fuort. "Doe't ik frege oft ik nei it húske koe, die bliken dat se al in pear dagen gjin wetter hiene. Kinst it dy foarstelle op in skoalle fan sânhûndert bern?"

Janny neamt noch in foarbyld: "In flat fan 20 heech dêr't gjin stroom is. En it giet ek faak mis mei jild. Sa haw ik fuort west te iten foar in miljoen. Dus de basisdingen wurkje net mear. "

Goed miel iten

Van der Molen wie yn Fenezuela tegearre mei skriuwer Kader Abdolah. De Fenezuelanen wurdearren it bot dat se de muoite naam hiene nei it lân te kommen. Janny van der Molen wol de bern helpe troch in sintrale keuken te stypjen dêr't de bern ien kear deis fergees in goed miel iten krije kinne.

Om oan jild te kommen wol se op de skoallen yn Nederlân dêr't sy komt om te sprekken, de minsken derta te bewegen dat se jild jouwe. As sels minsken sels ek aksje ûndernimme wolle foar de bern yn Fenezuela, kinne se op Facebook kontakt sykje mei Janny van der Molen.

Foto: Simone Scheffer
(advertinsje)
(advertinsje)