Provinsje stekt miljoen yn bestriding wetterkrassula op Skylge

03 des 2019 - 17:05

De provinsje Fryslân lûkt ien miljoen euro ekstra út foar de bestriding fan wetterkrassula op it eilân Skylge. Wetterkrassula is in eksoatyske plant dy't de oare natuer op it eilân ferdriuwt. Troch ekstra te ynvestearjen yn de bestriding hoopje Deputearre Steaten it plantsje op Skylge út te rûgjen.

It ôfrûne jier is al hurd wurke oan it fuortheljen fan de wetterkrassula út de dúnfalleien Grote Plak en Klein Meisterplak by Midslân-oan-See. Mar omdat de plant noch wol foarkomt yn oare dúnfalleien wol de provinsje no trochpakke, want oars bestiet de kâns dat de eardere ynspanning om 'e nocht west hat.

Foto: Omrop Fryslân, Ilse Heramides

De provinsje is ferplichte om it plantsje oan te pakken om de Natura 2000-natuer op it eilân te beskermjen. De provinsje docht dat yn gearwurking mei Steatsboskbehear, Wetterskip Fryslân en de gemeente Skylge. Deputearre Douwe Hoogland hopet ek op finansjele bydragen fan it Ryk en út Europa.

Hoogland fynt dat it sa njonkenlytsen ek tiid wurdt foar ryksbelied op it mêd fan de bestriding fan ynvasive soarten.

In bydrage fan ferslachjouwer Onno Falkena oer it ekstra provinsjejild

(advertinsje)
(advertinsje)