Twadde Keamer wol dochs bettere berikberheid Thialf fia spoar

03 des 2019 - 16:34

De Twadde Keamer hat tiisdeitemiddei in moasje oannommen foar in bettere spoarferbining mei Thialf op It Hearrenfean. Yn septimber makke de NS bekend dat it treinstasjon by de reedrydhal kommend jier ticht bliuwt. It stasjon by Thialf is al sûnt 2015 sletten.

It stasjon fan It Hearrenfean Thialf - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens de NS is it mei de hjoeddeistige tsjinstregeling net mooglik om treinen dêr hohâlde te litten. PvdA-Keamerlid Moorlag wie it dêr net mei iens en tsjinne in moasje yn. Hy wol dat it regear mei de NS yn oerlis giet om de berikberheid fan it iisstadion te ferbetterjen. In grutte mearderheid fan de Twadde Keamer hat syn moasje tiisdei oannommen.

By it oerlis soene ek de gemeente Hearrenfean en Provinsje Fryslân oanskowe moatte. Moorlag wol dat Thialf yn alle gefallen by grutte reedrydeveneminten oer it spoar berikber is.

Net oertsjûge

PvdA-steatelid Jaap Stalenburg, dy't de berikberheid fan Thialf op de kaart set hat as gemeenteriedslid op It Hearrenfean, is foarearst noch net oertsjûge. "Ik ben bang dat dit nog niet zo heel veel oplevert. Het is heel aardig dat er een motie wordt ingediend, maar NS en Arriva willen niet bewegen." De ferfierders wize op technyske beswieren. "In de besprekingen lijken NS en Arriva heel halsstarrig en ze komen met technische bezwaren: de aansluiting op de spoorverbindingen Harlingen en Sneek, een brug die open dan wel dicht moet. Ze houden het op technische problemen."

Ferkearsynfarkt

Neffens Stalenburg is it wichtich dat it stasjon iepen bliuwt by eveneminten. "Ten eerste ontlast het de verkeersdruk rond grote schaatswedstrijden. Op het moment is er als er geschaatst wordt bijna een verkeersinfarct rond Thialf en de rest van Heerenveen. Ten tweede is het goed voor het milieu en ten derde ligt er al een heel mooi station. Dat betekent dat mensen die overal uit het land naar Thialf willen komen daar op een heel comfortabele manier kunnen komen."

Jaap Stalenburg, steatelid foar de PvdA, oer it stasjon by Thialf

(advertinsje)
(advertinsje)