LTO: "Dizze ferheging komt op hiel ûngaadlik momint"

Boere-organisaasje LTO sil de bestjoersleden fan Wetterskip Fryslân freegje om de tariven foar de boeren 'yn lytse stapkes' te ferheegjen. Moandeitejûn kamen sawat seishûndert boeren nei de gearkomste fan Wetterskip Fryslân út protest tsjin de foarnommen taryfsferheging fan mear as 15 persint yn ien kear.
Boeren en wetterskip
Neffens Tineke de Vries fan boere-organisaasje LTO komt dat foarstel fan Wetterskip Fryslân op in bûtengewoan ûngelokkich momint. Puer saaklik en technysk sjoen is der wat foar te sizzen om it sa oan te pakken, seit se. Mar ast nei de omstannichheden sjochst dêr't de lânbou no yn sit, mei alle stikstofperikelen en it fosfaatgedoch, dan is dit it meast ûngelokkige momint om mei sa'n ferheging oan te kommen, sa seit Tineke de Vries.
Boeren moandei by gearkomste Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Tineke de Vries (LTO): It wie in pittige en heftige byienkomst, yndrukwekkend mei al dy trekkers