Hoe herkenst in psygoaze? GGZ Fryslân hâldt der in ynrinjûn oer

03 des 2019 - 15:52

It VIP-team (Vroegtijdige Interventie Psychose) fan GGZ Fryslân organisearret dizze moanne in ynrinjûn dêr't minsken alles te witten komme kinne oer psygoazes. It team is opset foar jongeren en (jong-)folwoeksenen dy't foar it earst in psygoaze ha of hân hawwe. De ynformaasjejûn is net allinnich foar dizze minsken, mar ek foar famylje en freonen.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

No en dan hearre we der wolris wat oer: ien dy't in psygoaze hat en ûnder ynfloed dêrfan hiel nuvere dingen docht. De slimste gefallen helje it nijs. Bygelyks de man dy't der fan fertochte wurdt dat er yn in bioskoop yn Grins twa minsken ombrocht hat, soe dat dien ha wylst er yn in psygoaze siet.

In psygoaze kin beëangjend wêze foar minsken dy't der mei te meitsjen krije. Foar de minsken dy't sels sa'n psygoaze krije, mar ek foar de minsken om har hinne. Foar al dy minsken is der tiisdei 17 desimber in ynformaasjejûn yn Ljouwert. Neffens GGZ Fryslân is der noch in soad ûndúdlikheid oer wat in psygoaze is en wat it betsjut foar pasjinten, famylje, freonen en kunden.

Wat is in psygoaze?

Guon nimme de wrâld om har hinne oars wier as oare minsken. Se sjogge, hearre of fiele saken bygelyks oars. Of miskien binne se wol oertsjûge fan wat dat net bestiet. Dan kin it wêze dat se in psygoaze ha. By in psygoatyske steurnis is spesjalistyske behanneling nedich. In húsdokter kin de pasjint oanmelde by in spesjalistyske ynstelling, lykas GGZ Fryslân.

Neffens Boudien van der Pol fan GGZ Fryslân binne der net mear betize minsken by kaam op strjitte, mar falle se mear op. "Ik denk dat de media er heel veel aandacht aan besteden en dat maakt dat mensen meer om zich heen kijken."

Boudien van der Pol en Ineke de Vries fan GGZ Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)