Strafrjochtlik ûndersyk nei tefolle leven by gaswinning Noardwâlde

03 des 2019 - 15:11

It Iepenbier Ministearje docht ûndersyk nei in nij gasfjild fan Vermilion by Noardwâlde. Dat meldt RTV Oost. Gasbedriuw Vermilion hat op de lokaasje yn de ôfrûne wiken yn tolve gefallen te folle leven makke by it boarjen.

RTV Oost hat dat befêstige krige fan in wurdfierder fan it Funksjoneel Parket fan it Iepenbaar Ministearje yn Amsterdam.

Mear ûndersiken

Der rinne mear ûndersiken nei it skeinen fan de mynbou yn de regio. It IM sjocht ek nei de rappere gaswinning troch Vermilion by Finkegea en by Wapse yn de buert fan Diever. It Kanadeeske bedriuw soe mear en rapper gas út de grûn helle hawwe as de fergunningen tastiene.

Tefolle leven

Ferline wike ferskynde op Facebook in filmke dêr't op te hearren is hoefolle leven oft der makke wurdt by in djippe boarring by Noardwâlde. It Staatstoezicht op de Mijnen (SodM) lei in lêst ûnder twangsom op fan 50.000 euro deis foar alle kearen dat Vermilion him net oan de regels hâldt. It SodM hie oant dan ta tolve kear fêststeld dat de lûdsnoarmen skeind wiene. By elk folgjend gefal kriget it bedriuw in twangsom fan 50.000 euro mei in maksimum fan 600.000 euro.

Risikogebiet

De fjilden yn Noardwâlde, Finkegea en de oare plakken yn de omkriten binne ûnderdiel fan in gebiet fan njoggen gasfjilden, dy't foar in part mei-inoar yn ferbining stean. Se foarmje ien grut risikogebiet yn trije provinsjes.

De gasboarynstallaasje by Noardwâlde - Foto: Omrop Fryslân, René Koster
(advertinsje)
(advertinsje)