Ferstekkeling op boat: kat fart mei nei Skylge en werom nei Harns

03 des 2019 - 14:11

De diere-ambulânse Waadhoeke siket kontakt mei de eigener fan in kat dy't op it dek fan in boat fan Doeksen omskarrele. Doe't de Friesland sneon op Skylge oankaam en de klep fan it autodek iepengie, seagen minsken de kat.

Foto: Rederij Doeksen

In soad tiid om de kat te fangen hiene de meiwurkers fan Doeksen net. Se wiene drok mei it lossen fan de auto's. Dêrnei seagen se him net mear. Doe't de klep wer omheech wie en de boechskroeven oanset wie foar de weromtocht nei Harns, kaam de kat achter in jiske-amer wei. Op de tocht nei Harns siet er dan wer weikrûpt ûnder de motorkap fan in auto. Mei moffen oan hat de Doeksen-meiwurker him pakt.

Foto: Rederij Doeksen

Yn Harns waard de diere-ambulâne belle. Dy hat de kat meinaam. De kat hat in chip, mar op it telefoannûmer dêrop wie gjinien berikber.

Meiriden nei Fryslân?

Richard Bijman fan de Diere-ambulânse Waadhoeke wist wol rie. By in bistedokter yn Doetinchem kamen se derachter dat de kat fan in famylje yn Zeddam is. Mooglik is it bist yllegaal mei in auto meiriden nei Fryslân, of al of net bedoeld mei de famylje sels. "Zeddam is 150 kilometer van Harlingen. Dat is een hele tippel," seit matroas Joris Dam fan Doeksen.

Bijman hat kollega-diere-ambulânses frege by de eigeners del te riden. Salang't it kontakt noch net lein is, bliuwt de kat yn it asyl yn Ljouwert.

Trefwurden: 
kat Doeksen De Friesland
(advertinsje)
(advertinsje)