Boargemaster Buma wol makliker tydlik omjouwingsferbod oplizze kinne

03 des 2019 - 13:58

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert wol it makliker meitsje om minsken dy't foar oerlêst soargje in tydlik omjouwingsferbod op te lizzen. Hy tinkt dêrby bygelyks oan minsken dy't foar oerlêst soargje by it útgean of by eveneminten.

Foto: Omrop Fryslân

Dy soene dan in omjouwingsferbod oplein krije kinne foar 24 oeren, of bygelyks foar de doer fan it festival. Mochten se yn dy perioade dochs wer foar oerlêst soargje, dan kin in omjouwingsferbod oant acht wiken oplein wurde.

De boargemaster leit it foarstel oer twa wiken foar oan de gemeenteried.

(advertinsje)
(advertinsje)