Bedriuwen dogge proef mei ferfieren betonflierren oer it wetter

03 des 2019 - 13:43

Trije Fryske bedriuwen wurkje oan in nij ferfierskonsept foar betonnen flierren oer it wetter. It giet om transportbedriuw Combex en betonmakker VBI út Eastermar en kontenerterminal MCS yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

It transport oer it wetter hat in soad foardielen. It is foar de bedriuwen hiel belangryk dat sy op tiid leverje kinne. Tagelyk sjogge se dat it benammen yn de Rânestêd hieltyd drokker wurdt. "It ferget wol in goeie planning fan twa of trije wiken fan te foaren", fertelt Freerk Lautenbag fan transportbedriuw Combex.

Ferfier oer wetter

Se dogge dêrom no in proef mei ferfier oer it wetter. De flierren wurde yn spesjale konteners ferfierd, fanôf de kontenerterminal fan MCS yn Ljouwert. It transport oer it wetter is better foar it miljeu as oer de dyk. "We kinne oer it wetter folle mear transportearje", seit Lautenbag.

De trije bedriuwen binne bliid mei de gearwurking. "Troch gear te wurkjen komme je fierder yn dizze tiid", seit Lautenbag. Combex en betonbedriuw VBI sitte njonken elkoar op it bouterrein by Skûlenboarch. Kontenertransporteur MCS is dêrby kaam om't sy transport oer it wetter regelje.

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek (1)

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek (2)

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Trefwurden: 
transport beton VBI Combex MCS
(advertinsje)
(advertinsje)