Mei de Wâldpykmobyl op spikerbannen nei de Noardkaap foar goed doel

03 des 2019 - 12:14

Fjouwer Drachtsters ride nei de Noardkaap, boppe de Poalsirkel, foar it goede doel. Rypke Procee en syn buorman dogge dat om jild op te heljen foar bernebuorkerij De Naturij yn Drachten. En tafallich dogge twa oare Drachtsters deselde reis, mar dan foar de Stichting Jurgen.

flnr Jaap Nicolai, Rypke Procee, Harm van der Veen en Koos Tamminga - Foto: Omrop Fryslân

De fjouwer Drachtsters sille op 2 jannewaris begjinne mei de spannende tocht fan de ScanCoveryTrial. Oant 23 desimber sykje sy noch om stipers en dêrnei begjinne se mei de lêste tariedingen foar de tocht. Op 11 jannewaris komme se dan werom, sa is it doel.

Wâldpykmobyl mei spikerbannen

"In kollega hat alris earder meidien en it hat ek alris op telefyzje west. Troch de snie ride yn it tsjuster, de sinne opkommen sjen en dan al dy rindieren. It liket ús geweldich om mei te dwaan. It is in soart jongesdream", fertelt Rypke Procee. Mei de Wâldpykmobyl, in Toyota Landcruiser, ride se nei de Noardkaap.

Autorally-ûnderfining is net perfoast needsaaklik foar de tocht. Procee: "Der wie wol in gearkomste mei minsken dy't de tocht wolris riden hawwe. Dan hearst handige tips, lykas spikerbannen, hiel goed ljocht, kuolfloeistof oant -40 en faseline op de rubbers tsjin befriezing."

Hoe sjocht de tocht derút?

De rûte witte se noch net. Se krije hieltyd sms'kes mei in diel fan de rûte. Dy giet kriskras troch Skandinavië oer Laplân nei de Noardkaap.

Der binne twa goede doelen. Jaap Nicolai en Rypke Procee ride foar bernebuorkerij De Naturij yn Drachten. Procee: "De Naturij is in prachtich plak foar bern en minsken mei in beheining. Wy wolle derfoar soargje dat minsken dy't it net betelje kinne, dêr dochs hinne kinne."

Harm van der Veen en Koos Tamminga ride mei in oare auto foar de Stichting Jurgen. "Jurgen is jonge mei in mearfâldige beheining dy't kommunisearje leare moat. Dêr hat er terapy foar nedich en dêr is jild foar nedich", leit Procee út.

Op de site waldpiken.nl binne de manlju te folgjen op harren aventoer.

Rypke Procee oer hoe't se op it idee kaam binne

(advertinsje)
(advertinsje)