Ferd Crone mei as tsjûge ferskine by rjochtsaak wytoaljeprodusint Suver Nuver

03 des 2019 - 11:57

Ald-boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert mei as tsjûge ferskine by de rjochtsaak fan wytoaljeprodusint Suver Nuver. Dat hat de rjochter yn Zwolle moandei bepaald.

De stichting fan Rinus Beintema makket medisinale wytoalje foar tûzenen minsken út it hiele lân. It Iepenbier Ministearje fynt lykwols dat dat yn striid is mei de opium- en genêsmiddelewet.

Beintema wol Crone graach oproppe as tsjûge, om't hy yn syn tiid as boargemaster posityf wie oer de stichting. Yn in eardere útstjoering fan IepenUP Live reagearre de âld-boargemaster fan Ljouwert op it 'himpfabrykje' mei de wurden: "Ik vind dit geen prioriteit".

Rinus Beintema fan Suver Nuver foar de rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
(advertinsje)
(advertinsje)