Arjan Stroetinga wer de rapste

© Omrop Fryslân
Arjan Stroetinga hat syn twadde winst yn de KPN Maraton Cup te pakken. De reedrider út Waskemar wie yn Den Haach fierwei de rapste yn de massasprint. Yn dizze fiifde wedstriid waard Ingmar Berga twadde en Karlo Timmerman tredde. Crispijn Ariëns fan Wolvegea waard fiifde.
By de froulju draaide it ek út op in massasprint. De winst wie foar Mariska Huisman, foar Foske Tamar van der Wal en Cindy Vergeer. Maria Sterk fan Hallum waard fjirde. Mariska Huisman is de lieder yn it klassemint by de froulju, Rob Hadders by de manlju.