Fryske keunstgebitmakker makket kâns op titel 'Slechtste slogan'

03 des 2019 - 11:20

In slogan fan in Fryske keunstgebitmakker makket kâns op de titel 'Slechtste slogan' fan 2019. Steven de Vries Tandtechniek op De Jouwer en yn Balk brûkt 'Uit onze handen uw tanden' as reklamesin.

Foto: ANP

Neffens de sjuery fan de ferkiezing heart de slogan fan De Vries by de minste tsien fan 2019. Dêr sitte bygelyks ek 'Verbieb jezelf!' fan De Bibliotheek en 'Je rijbewijs hale, doe je bij die kale' fan in rydskoalle by.

"Mei de hân makke"

"De ôfrûne hûndert jier waarden keunstgebitten en kroanen mei de hân makke", neffens Steven de Vries. "It wie altyd in ambacht. En doe foel it kwartsje. Wy hawwe sels ynventyf west."

Publyk kin no stimme op de tsien. Op 9 desimber wurdt de winner bekend makke.

It is foar de achtste kear dat de minste slogan keazen wurdt. Ferline jier wûn 'We doen wel vrouwen maar knippen ze niet' fan Barbier Rogier út Laren.

Steven de Vries

(advertinsje)
(advertinsje)