EOD nei fytstunnel Drachten om reekbom, twa manlju oanhâlden

De plysje hat tiisdeitemoarn twa persoanen oanhâlden yn in fytstunnel oan De Hemmen yn Drachten. Sy binne dêr mei in reekbom trappearre. De plysje hat de Explosieven Opruimingsdienst Defensie (EOD) ynskeakele.
© ProNews
It giet om twa 21-jierrige manlju, fan De Harkema en De Pein. De EOD hat ûndersyk dien nei de bom en it eksplosyf ûntmantele. De fytstunnel is yntusken wer frijjûn.
De fytstunnel ferbynt yndustryterrein De Hemmen mei in wenwyk yn Drachten.