Nammejouwing plein by nij Cambuurstadion: ien fan dizze trije wurdt it

03 des 2019 - 10:23

Der binne noch trije nammen oer foar it plein by it nije Cambuurstadion yn Ljouwert. It giet om '058 plein', 'Stadionplein' en 'Ut Hert'. De trije binne troch in sjuery keazen út alle nammen dy't nei in oprop ynstjoerd waarden.

By de ynstjoerings sieten ek nammen dy't neffens de gemeente net te brûken binne, omdat se ferwize nei in oar diel fan Ljouwert. It giet dan ûnder oare om 'Leeuwarderplein' en 'Marathon-Insulindestraat-Camminghaplein'.

Der kin noch oant 9 desimber stimd wurde op de trije oerbleaune nammen. Dat kin fia naamgevingscommissie@leeuwarden.nl.

Winnende namme

Yn de wike fan 16 desimber makket de sjuery de winnende namme bekend. Dy sjuery bestiet ûnder oare út Cambuur-trainer Henk de Jong en de Ljouwerter wethâlder Hein de Haan.

Sa moat it nije stadion derút sjen - Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Kees Elzinga oer de nammen foar it plein

Trefwurden: 
Ljouwert Cambuurstadion plein
(advertinsje)
(advertinsje)