Fries betellet yn trochsneed it minst foar syn autofersekering

Friezen betelje yn trochsneed de leechste preemje foar harren autofersekering. Dat jildt foar alle mooglike dekkingen en foar hast alle leeftiden. Dat docht bliken út ûndersyk fan fergelikingswebside Independer.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
In trochsneed jierpreemje foar in WA-autofersekering yn ús provinsjes kostet 502,17 euro, wylst de gemiddelde Nederlanner 603 euro it jier betellet. Ek by de oare twa dekkingsfoarmen binne grutte ferskillen. Foar in WA+-fersekering betelje wy hjir yn Fryslân 547 euro yn it jier, yn fergelyk mei 666 euro lanlik. Ek by in folsleine dekking is it ferskil goed 172 euro.

Súd-Hollân is it djoerst

Foar jongerein leit it fersekeringsbedrach heger, mar asnoch binne Friezen tsientallen of bytiden hûnderten euro yn it jier goedkeaper út. Yn Súd-Hollân betelje ynwenners it meast foar harren autofersekering: de jierpreemje foar allinne WA-dekking is dêr yn trochsneed 721 euro; mear as twahûndert euro heger as yn Fryslân.
Fergelikingswebside Independer ûndersocht it oanbod fan autofersekeringen tusken 1 jannewaris en 1 novimber 2019.