Kollum: "Fuck Black Friday, hoera foar boekefloed"

"Good morning, Holland! Binne jim wat bekaam fan Black Friday? As dat net sa is ha jim pech, want der folget noch in Black Week. Of sels in Black Tiendaagse, wat krekt sa ymbesyl klinkt as dat it is.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
Black Friday folget yn Amearika op Thanksgiving, dat wat by ús de Dank- of Biddag voor Gewas en Arbeid hjit. Bêst wol tsjinstridich, dat jo de iene dei God tank sizze foar de rispinge en erkentlik binne foar al it goede dat jo ûntfongen ha, om de dei dêrnei as in stel hokkelingen mei de gekke kowesykte winkels yn te stoarmjen, inoar it hier út de kop te lûken en ûnder de foet te rinnen om by guod te kommen dat net in dollar goedkeaper is as yn de rest fan it jier.
In prachtige, nije tradysje dy't wy, as koloanje fan Amearika, mar al te graach oernimme. Want ja, wat is derop tsjin om in konsumpsjeslaaf te wêzen? No, contre tout, seine se yn Frankryk. Dêr demonstrearren nammentlik aksjefierders by it gebou fan Amazon tsjin de Black Friday-gekte, om sa it ûnbedimme konsumintisme oan de kaak te stellen.
Dêr is wat foar te sizzen. In protte minsken litte harren ommers ferliede ta oankeapen dy't se net nedich ha. Dan komme jo thús mei in slow cooker dy't jin toch te stadich giet, mei bodylotion of parfum dy't yn 'e winkel lekker roek mar thús stjonkt, mei sokken dy't te lyts en lilk binne, of mei in fibrator dêr't de frou fan seit dat se leaver wat op lichemstemperatuer hat. Boppedat is it sa dat keapjen om it keapjen net gelokkich makket. Ut ûndersyk docht bliken datst net gelokkich wurdst fan spullen, mar fan nije ûnderfinings en fan tiid dy'tst mei dyn neisten trochbringst.
Likegoed is desimber de moanne fan presintsjes jaan, oft dat no mei Sinteklaas is of mei Santa Claus. Dat bringt my op it folgjende. Hoe kinst de gekte en de nutteleazens fan Black Friday foarkomme, en dochs gelokkich wurde fan in nije ûnderfining en fan tiid dy'tst mei dyn neisten trochbringst? It antwurd op dy fragen is op Yslân te finen. Dêr kenne se it fenomeen Jólabókaflódid. Dat hâldt yn dat elkenien inoar in boek jout op krystjûn.
Nei't se dat dien ha krûpe se op de bank ûnder in kleedsje, en lêze se dat boek wylst se in beker poeiermolke of in Jólabland drinke, in alkoholfrij krystbierke. Dat is in tradysje dy't yn de Twadde Wrâldoarloch ûntstien is. Doe wie oeral tekoart oan, behalve oan papier. Om't der gjin oare presintsjes wiene, en Yslanners altyd al grutte lêzers, giene se tenei hielendal los troch inoar allinne noch mar boeken te jaan. Sa is de Jólabókaflódid kaam, de boekefloed om de krystdagen hinne.
Myn foarstel is dan ek om dy tradysje fan de boekefloed oer te nimmen. It is gesellich, goed foar de útjouwers, jo ha in prachtige nije ûnderfining en jo hoege noait mear nei te tinken wat jo ien jaan sille. In perfekte win/win situaasje. Fuck Black Friday, hoera foar de boekefloed. Allinne dat alkoholfrij bierke, dat passe wy oan."