Jubileum Bûn fan Fryske IIsklups: "Der moat gau in strange winter komme"

03 des 2019 - 06:54

It is tiisdei hûndert jier lyn dat Evert Rinsma yn Ljouwert it Bûn fan Fryske IIsklups oprjochte. Dêr wurdt yn Thialf tiisdeitejûn wiidweidich by stilstien mei in jubileumfeest fan it Gewest Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

"It wurdt net in gewoane resepsje, mei yn de rige stean en in hantsje jaan", neffens Johannes de Vries fan Gewest Fryslân. "Wy nûgje alle minsken út dy't wy oanskreaun hawwe. Dat binne sa'n trijehûndert minsken yn totaal. Der komme âld-reedriders en âld-bestjoersleden, mar ek minsken dy't noch hieltyd aktyf binne."

Njonken dat is der tiisdeitejûn muzyk en wurde der presintaasjes jûn ta eare fan it hûndertjierrich bestean.

Gau in strange winter

Neffens De Vries giet it goed mei Gewest Fryslân, mar is it wol saak dat der gau in strange winter komt. "Dan kinne alle iisklups ek los", fertelt hy. "Mar it giet poerbêst mei it Gewest. Ek op sportyf mêd en by de jeugd."

Der binne yn Fryslân yn totaal sa'n twahûndert iisklups te finen, mar 61 fan dy klups binne lid fan it Gewest. De oaren net. De Vries: "Dy soene ús ek stypje moatte".

Johannes de Vries fan Gewest Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)