Boeren rinne lilk fuort by kommisjegearkomste Wetterskip

De hast 300 boeren dy't yn it gebou fan Wetterskip Fryslân de kommisjegearkomste bywennen oer de taryfsferheging, binne lilk fuortrûn. Se fielden harren net heard troch de bestjoerders dy't boppe op de tredde ferdjipping de gearkomste hiene. Dêrby harke it bestjoer fan it Wetterskip nei ferskate ynsprekkers. Neffens it Wetterskip wienen der hûnderten boeren nei it gebou oan it Fryslânplein kaam.
Boeren rinne lilk fuort by kommisjegearkomste
De boeren wiene mei trekkers nei de kommisjegearkomste fan Wetterskip Fryslân yn Ljouwert kaam as protest tsjin de taryfsferheging foar takom jier. Der kamen hûnderten boeren op de gearkomste ôf, fan sammelplakken yn ûnder oare Hitsum, Skearnegoutum en Ryptsjerk ôf.
Net alle minsken koene dan ek nei binnen: fanwegen te min plak, mar ek fanwegen de feiligens. Boeren dy't net nei binnen mochten, hawwe de gearkomste folge op it parkearplak. Yn de seal sels, dêr't goed twahûndert boeren de gearkomste op in skerm folgje koene, wie it deastil.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Skermutselingen

Nei hast oardel oere waard de sfear yn en om de gearkomste fan it Wetterskip hinne oars. Gerop en geraas oerstimden it petear. By de doar ûntstiene wat skermutselingen om't boeren nei binnen woene en de befeiliging de minsken tsjinhold. Guon minsken besochten ek fia de sydyngong nei binnen te kommen. Der waard roppen "We gaan de vergadering onderbreken" en "Wy moatte nei boppen". Om eskalaasje foar te kommen en omdat de boeren harren net heard fielden binne de boeren dy't binnen sieten tasprutsen troch foaroanfrou Nynke Koopmans.

Lilk fuortrûn

Nynke Koopmans die it foarstel om mei in soad lûd en leven wer op nei hûs te gean. Ta dy oprop kaam Koopmans nei oerlis mei wurdfierders fan it Wetterskip. In lytser groepke boeren bleau noch wol binnen oer om harren ûntefredenheid nei ôfrin te uterjen. Jan van Weperen fan it Wetterskip hat de boeren te wurd stien oant ek de lêsten fuort wiene.
Bestjoerder Jan van Weperen oer de jûn:
Jan van Weperen
Nynke Koopmans hat wol begryp foar de teloarstelling fan de boeren en de opskuor dy't ûntstie. "Dat de sfear omsloech, dêr kinne wy neat oan dwaan. Ik snap dat wol. De boeren komme hjir mei in hiel serieuze boadskip. De bestjoerders geane boppe sitten en komme net efkes nei ûnderen om de boeren oan te hearren. Ik snap dan wol dat je lilk wurde."

"Onvrede duidelijk gevoeld"

De boadskip fan de boeren is wol oerkaam, seit it Wetterskip. "We snappen de onvrede van de boeren. Ik heb het heel duidelijk gevoeld", sei Jan van Weperen fan it deistich bestjoer fan it Wetterskip Fryslân. "Ik heb mij geen zorgen gemaakt dat het finaal uit de hand zou lopen, maar de boeren waren wel serieus."
Dochs wit Van Weperen net oft eltsenien him wol feilich fielde. "We gaan evalueren of er ook angst onder het personeel is geweest. Zolang mensen zich niet persoonlijk bedreigd hebben gevoeld is alles goed gegaan. Ik ben tevreden dat alles ordentelijk verlopen is", jout er oan.

Binne de boeren heard?

Van Weperen seit ek dat Wetterskip Fryslân sa goed as mooglik besocht hat de boeren it hoe en wêrom dúdlik te meitsjen. "Wij hebben geprobeerd ons zo goed mogelijk voor te bereiden op de komst van honderden boeren. Die zijn er gekomen."
"Ik haw net it gefoel dat de boeren heard wurde", tinkt Nynke Koopmans lykwols. "De bestjoerders dogge it sels. Sy hawwe dit feroarsake."
It beslút oer de begrutting en de ferheging fan de tariven sil op 17 desimber falle.
Nynke Koopmans oer de ûnfrede by de boeren:
Nienke Koopmans