Sherida Spitse yn triennen, nei't se útroppen is as spylster fan it jier

02 des 2019 - 23:01

Sherida Spitse is 'Spylster fan it Jier' wurden yn de Noarske kompetysje. De 29-jierrige fuotbalster út Snits, dy't yn Noarwegen foar Vålerenga spilet, krige dy titel moandeitejûn. Yn har tankwurd waard se emosjoneel, dat sy yn de klaaikeamer hold tusken har ploechgenoaten.

"Dizze priis is net allinnich foar my, mar foar de hiele ploech", seit de Friezinne. Dan brekt se. "En net allinnich myn ploechgenoaten, mar ek myn âlden en Jolien (har frou, red.). Sy hawwe alles foar my oer en dat betsjut in soad."

Goed jier hân

Spitse hat in goed jier efter de rêch, want ôfrûne simmer helle se mei Oranje de WK-finale. Mei Vålerenga einige Spitse dit seizoen as twadde yn Noarwegen, efter kampioen Lillestrøm. Ek yn it bekertoernoai wie allinnich Lillestrøm sterker as Vålerenga.

By de ferkiezing fan 'Årets spiller' naam Spitse it op tsjin Synne Jensen en Kennya Cordner.

(advertinsje)
(advertinsje)