Net alle hûzen yn Wolvegea krije glêsfezel fan KPN

02 des 2019 - 22:32

KPN slút net alle ynteressearren yn Wolvegea oan op glêsfezel. Dat fertelde ynsprekker Peter Spin moandeitejûn op de riedsgearkomste fan Weststellingwerf. KPN soe glêsfezel oanlizze yn Wolvegea en Noardwâlde, mar no docht bliken dat net eltsenien yn de doarpen de rappere ynternetferbining krijt fan it bedriuw.

Glêsfezel ynternet - Foto: Shutterstock.com

Oare minsken yn Wolvegea krigen in folder oer glêsfezel troch de bus, mar Spin net. Dy hat er letter noch oanfrege. Op de plattegrûn seach Spin lykwols dat syn hûs oan de Oppers der net op stie.

"Telefonisch bleek KPN nagenoeg onbereikbaar en ik moest mijn beklag schriftelijk doen", fertelt hy. Trije moannen nei syn mailtsje krige er antwurd fan KPN: "De dekking van dit project is in samenspraak met de gemeente bepaald. Helaas valt uw woning buiten het aansluitgebied." As er wol glêsfezel hawwe wol, moast er dat melde en dan soe KPN besjen wat de kosten dêrfoar wiene, wylst de oansluting foar de rest fan Wolvegea fergees wie.

Net tusken wâl en skip

In amtner fan de gemeente fertelde Spin dat syn hûs op de grins fan it gebiet stiet dat KPN oanslút. De gemeente soe yn oerlis mei KPN noch besocht hawwe om dat gebiet te fergrutsen. "We moeten zien te voorkomen dat u tussen wal en schip terechtkomt." Neffens de amtner hie KPN besletten om net de folsleine beboude kom fan Wolvegea oan te sluten, omdat dat net út koe.

"Hoe net was het geweest om inwoners van Wolvega hiervan op de hoogte te brengen?", freget Spin him ôf. "Hoe chique was het geweest om de andere aanbieders van glasvezel in het buitengebied hiervan op de hoogte te brengen, zodat ze onze woning wel zouden kunnen meenemen in hun plannen?"

'KPN moat belofte útfiere'

Spin fynt dat de gemeente better kommunisearje kind hie. "Het zou mooi zijn dat u als gemeenteraad zich unaniem zou uitspreken dat KPN haar belofte gestalte moet geven, dat iedere woning in Wolvega gratis glasvezel kan krijgen."

(advertinsje)
(advertinsje)