Studinten Friesland College skriuwe brieven oan jongerein yn need

Sechtjin jier sel foar it útdielen fan blommen sûnder holdoek, 25 jier foar it rêden fan flechtlingen. Spoarleas ferdwine foar it sammeljen fan ynformaasje om't je twongen je hûs útset wurde. De deastraf foar by fersin deasjitten fan in neefke op dyn fyftjinde. Mei de kampanje Write for Rights fan Amnesty International wurde dit jier brieven en kaarten skreaun foar jongerein.
Studinten Friesland College skriuwe foar Amnesty International
Alle jierren organisearret Amnesty International in skriuwaksje foar politike finzenen. Minsken dy't fanwege politike aktiviteiten of mieningen yn de finzenis komme. Ek dit jier wurdt wer op ferskate plakken yn Fryslân skreaun.
Op it Friesland College hâlde studinten moandei in skriuwaksje. De studinten skriuwe sels brieven, mar roppe ek oare studinten en dosinten op om in brief te skriuwen. Neffens dosint Angela van Dijk is it in goede opdracht foar de studinten fan de oplieding 'assistent dienstverlening en zorg.' "Omdat ze het zelf doen is de drempel in de toekomst misschien ook wel wat kleiner om iets voor een ander te doen", seit Van Dijk.

Fjochtsje foar rjochten

Net alle jongerein sit fêst. Sa komt Marinel Sumoo Ubaldo (22) op foar har doarp yn de Filipinen dat folslein fernield waard troch de orkaan Yolanda. No, seis jier letter, is der noch hieltyd gjin iten, drinken, ûnderdak, elektrisiteit en sanitêre foarsjenningen. Marinel wol dat de wrâld yn aksje komt tsjin klimaatferoaringen. Mei Write for Rights stipet Amnesty International har striid foar in minskweardich bestean mei brieven oan de Filipinske presidint.

Ek skriuwe?

De skriuwdatums sitte allegearre om de tsiende fan desimber hinne, de ynternasjonale 'Dag van de rechten van de mens'. Meiskriuwe kin ûnder mear op 10 desimber yn it Fries Museum. Ek is op 10 desimber yn Drachten in konsert, it jierlikse 'Rechten van de Mens'-konsert. Skriuwe kin troch de hiele provinsje hinne yn ferskate doarpen, lykas Burgum, Drylts en Garyp.
It ferhaal fan Yasaman Aryani dy't yn in finzenis yn Iran sit