Tjerk de Boer by wrâldbeker yn Noersoeltan op ploege-efterfolging

02 des 2019 - 20:03

Der dogge acht Fryske reedriders mei oan de tredde wrâldbeker fan it seizoen, takom wykein yn Noersoeltan, de haadstêd fan Kazachstan. Sven Kramer en Douwe de Vries binne der net by: sy kieze foar in trainingskamp yn Collalbo.

Tjerk de Boer - Foto: Orange Pictures

De Friezen dy't der wol by binne, binne Michelle de Jong, Ireen Wüst, Letitia de Jong, Antoinette de Jong, Reina Anema, Jorrit Bergsma, Marwin Talsma en Tjerk de Boer. Dy lêste docht mei oan de ploege-efterfolging.

By de fjirde wrâldbeker, in wike letter yn it Japanske Nagano, ûntbrekke mear grutte nammen, omdat it net past yn de tarieding op de NK ôfstannen. Dat toernoai is wichtich mei it each op pleatsing foar it EK en it EK. It ûntbrekken fan dy grutte nammen betsjut dat guon talinten in kâns krije, lykas de Friezen Marijke Groenewoud en Harm Visser.

(advertinsje)
(advertinsje)