Hûnderten jildautomaten ABN Amro ticht: ek yn Fryslân guon ôfsletten

02 des 2019 - 19:38

ABN Amro hat oer it hiele lân 470 jildautomaten sletten, dat is mear fan de helte fan alle automaten fan de bank yn Nederlân. De bank wol net sizze om hokker automaten it krekt giet. It is wol wis dat der ek automaten yn Fryslân sletten binne, ûnder oare yn Ljouwert. It is in needmaatregel tsjin plofkreaken. De masines binne tichtmakke en leech. Nei alle gedachten duorret it sluten wiken oant moannen.

In sletten jildautomaat oan de Bleeklaan yn Ljouwert - Foto: Kappers Media

Yn Ljouwert is bygelyks de jildautomaat oan de Bleeklaan ôfsletten mei in houten plank. Op in briefke stiet dat de automaat 'tot nader order' bûten gebrûk is.

Tanimming tal plofkreaken

De lêste moannen is it tal plofkreaken flink tanommen, benammen by automaten fan ABN Amro. It wie dit jier al 50 kear it gefal. It docht bliken dat dit leit oan it type automaat, dat blykber maklik te kreakjen is. De bank joech oan struktureel doelwyt te wêzen fan plofkreaken troch kriminele groepen. De bank wol no eangst by omwenners en ûndernimmers weinimme.

Ungemak

De bank seit te begripen dat de needmaatregel foar ûngemak soarget foar minsken dy't jild opnimme wolle, mar de feiligens fan minsken om de automaat hinne giet foar. Der sil no sjoen wurde hoe't de automaten better befeilige wurde kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)