Hûnderten boeren folgje gearkomste oer taryfsferheging by Wetterskip Fryslân

02 des 2019 - 20:32

De boeren geane wer fuort by it gebou fan Wetterskip Fryslân. Se folgen dêr de gearkomste oer de taryfsferheging. Hûnderten boeren wiene mei de trekker nei Ljouwert kaam. By it wetterskipsgebou gongen guon boeren troch de needútgong. Doe besocht de befeiliging yn te gripen, mar sûnder al te folle effekt.

De boeren koene teplak yn in seal mei romte foar sa'n 200 minsken. Dêr koene se de gearkomste op in skerm folgje. Net alle boeren mochten nei binnen ta, omdat it fol wie. Pas doe't in groep fuort gie, koene der wer boeren nei binnen.

Oaren binne dus binnen kommen troch de needútgong fan it gebou. Dêrby wiene ek wat skermutselingen tusken de befeiliging en de boeren.

Taryfsferheging

Yn de gearkomste prate Wetterskip Fryslân oer taryfsferheging foar takom jier. De boeren kamen ûnder oare fan Hitsum, Skearnegoutum en Ryptsjerk om aksje te fieren tsjin de plannen. De trekkers soargen ûnder oare foar ferkearsoerlêst op de A32 tusken Akkrum en Grou. Krekt nei seisen kamen de earste boeren oan by it gebou fan Wetterskip Fryslân.

Net alle trekkers kinne by it gebou delset wurde, dêrom wie ek it parkearterrein efter it WTC Expo by de Alvestdehal oanwiisd om trekkers hinne te riden.

Ferslachjouwer Timo Jepkema by it protest fan de boeren by Wetterskip Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)