Kollumer bedriuw biedt ekskuzen oan foar Auschwitz-produkten

02 des 2019 - 18:09

Ynternetwinkel Bol.com hat canvasfoto's mei ôfbyldingen fan konsintraasjekamp Auschwitz-Birkenau offline helle. De produkten waarden oanbean troch it bedriuw MuchoWow út Kollum.

Dizze produkten binne yntusken offline - Foto: Bol.com

"We werken met een geautomatiseerd systeem, daarom is dit niet opgevallen", seit in wurdfierder fan MuchoWow. "We hebben het product niet gezien. We hebben een aanbod van meer dan een miljoen producten, en dit is door de filters gegaan." By MuchoWow wurket no in team om te tsjekken oft se net noch mear produkten oanbiede dy't net troch de bûgel kinne.

"Auschwitz stond in een lijst van bezienswaardigheden, waar automatisch producten van worden aangemaakt", seit de wurdfierder. MuchoWow biedt syn ekskuzen oan.

Yn in reaksje lit Bol.com witte dat se de artikelen 'mispleatst en kwetsend' fine. "Daarom hebben wij verkooppartner MuchoWow gevraagd dit offline te halen. Binnen het geautomatiseerde systeem waar zij mee werken, is dit over het hoofd gezien."

Ek op Amazon

Op de webside fan Amazon waarden ferlykbere dekoraasjes ferkocht foar yn de krystbeam. It museum fan Auschwitz neamde dat op Twitter respektleas en frege om dy produkten offline te heljen. Dy produkten wiene net fan MuchoWow, seit it bedriuw.

Trefwurden: 
Kollum Auschwitz MuchoWow
(advertinsje)
(advertinsje)