Nasjonaal kampioene Elbrich Schoorstra: "Myn folgjende doel is it EK"

02 des 2019 - 17:50

Elbrich Schoorstra fan Ljouwert is sneon nasjonaal kampioen speedklimmen wurden. "Ik wie hiel bliid, ik hie der goed op traind, mar it moat ek allegear mar slagje op sa'n dei."

Foto: Facebook Willem Schoorstra

By dizze sport is it it doel om sa gau mooglik nei boppen te klimmen, nei in hichte fan 15 meter. Dat hat de kampioene dien yn in nij nasjonaal rekôr fan 11.81 sekonden. "Myn doel is no om it binnen 10 sekonden te heljen, dat is ek it Europeesk nivo. Ik sil der flink op traine moatte, mar it fielt wol dat it mooglik is."

By de wedstriid striidt se tsjin in oar en dat makket it ek sa spannend. "Ik seach dy oare achter my oankommen." Har coach en partner Niels Vunderink fûn it ek hiel spannend. "Toen ik het filmpje terugzag, hoorde ik mijn stem kraken van het schreeuwen."

Geert van Tuinen is yn de hal en praat mei Elbrich en Niels

De Klimwand yn Ljouwert bestiet in jier en yn de klimpsport sit groei. "Der binne mar twa sokke akkommodaasjes yn Nederlân, ien yn Sittard en hjir dus," fertelt Lilian fan de hal. "Op it NK wienen 20 dielnimmers. It is in lytse, mar groeiende sport, mar it gat mei de wrâldtop is wol grut."

Geert van Tuinen is yn de hal en praat mei Lilian

(advertinsje)
(advertinsje)