FIDEO: Wat smyt de Lelylijn op oan tiidwinst by in rit nei Amsterdam?

02 des 2019 - 17:46

Undernimmers sitte te springen om de Lelylijn: dy treinferbining soe fan Lelystad, fia Hearrenfean en Drachten nei Grins rinne moatte. Undernimmers besykje safolle mooglik stipe te sammeljen om sjen te litten dat de Lelylijn breed droegen wurdt. Dêrom is der moandei in grut sympoasium yn De Lawei yn Drachten. Ferslachjouwer Lennie Bronsveld naam de proef op 'e som: hoe lang docht sy oer de reis fan Drachten nei Amsterdam en wat soe de tiidwinst fan de Lelylijn wêze?

(advertinsje)
(advertinsje)