Fryske swimtalinten op jacht nei Nederlânske titels yn Wedstriid fan de Wike

02 des 2019 - 17:15

In wichtich wykein foar jonge Fryske swimmers stiet foar de doar. Yn Eindhoven binne nammentlik Nederlânske titels te fertsjinjen foar swimmers tusken de tolve en sântjin jier. As it goed is, sjogge we dus de toppers fan de takomst yn aksje. Alle reden om dat NK te ferkiezen ta 'Wedstriid fan de Wike'.

It is ien fan de wichtichste toernoaien foar jonge swimmers. Wa wurde de opfolgers fan oare Fryske topswimmers as Marrit Steenbergen, Josien Wijkhuijs en Kinge Zandringa? "Der sille oankommend wykein eagen rjochte wurde op bygelyks Silke Huisman fan Arum", seit sportferslachjouwer Andor Faber. "Dat is in grut talint dy't der oan sit te kommen. Se swimt foar swimferiening Orca yn Ljouwert."

Oare Fryske swimtalinten binne de jonge Senna Hof fan de Drachtster swimklup en Hendrik van der Leest en Hessel Broekstra fan de Harnzer swimferiening. Ek Marte Hieke van der Kamp fan Nijlân soe samar in titel pakke kinne yn Eindhoven dit wykein.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)