Legere maksimumsnelheid jildt fan 16 maart ôf

02 des 2019 - 17:06

De ferleging fan de maksimumsnelheid op sneldiken nei 100 kilometer yn 'e oere giet op 16 maart 2020 yn. Oant dy tiid wurde alle ferkearsboerden oanpast. Yn Fryslân giet it om (parten fan) de A6, A7, A31 en A32. Dêr is de maksimumsnelheid no noch 130.

Aanst mei 100 kilometer it oere oer de Ofslútdyk - Foto: ANP

It kabinet besleat yn novimber om de maksimumsnelheid oerdeis werom te bringen nei 100 kilometer yn de oere om sa minder stikstof út te stjitten. Dat soe wer romte jaan oan projekten yn de bou. Earder dit jier bepaalde de Ried fan Steat dat de Nederlânske oanpak tsjin stikstof net goed is.

Natuer ûnder druk troch stikstof

Troch de stikstof dy't yn Nederlân op de grûn komt, ûnder oare troch útstjit yn de agraryske sektor en it ferkear, stiet it bioferksaat yn kwetsbere natuergebieten yn Nederlân al jierren ûnder druk.

Rykswettersteat sil tusken tongersdei 12 maart en moandei 16 maart de nije ferkearsboerden pleatse. De nije snelheden jilde mei yngong fan 16 maart om seis oere moarns.

Nei sân oere jûns bliuwt de maksimumsnelheid sa't dy no ek al is, dus 120 of 130 kilometer yn de oere.

(advertinsje)
(advertinsje)