Minderjierrigen kinne frij maklik oan alkohol komme

02 des 2019 - 17:01

Jongerein yn Fryslân kin frij maklik oan alkohol komme. Ut ûndersyk mei saneamde 'mystery kids' ûnder troch jongerein oanwiisde hotspots docht bliken dat it likernôch twa fan de trije kear slagget om drank te krijen foar minderjierrigen.

By supermerken en sliterijen moatte jongeren harren ID sjen litte en rinne se net mei drank de saak út, mar yn in drokke kroech bliuwt dat der wolris by. Ek komt it foar dat in âlder persoan de drank yn de supermerk keapet foar de jongere.

De Fryske gemeenten hawwe dizze 252 hotspots út dit ûndersyk no goed yn byld en kinne op basis dêrfan spesifike en effisjinte previnsje- en neilibbingsakaksjes opsette. Om sa op plakken dêr't dat it meast nedich it brûken fan alkohol ûnder minderjierrigen te ferminderjen. Ut ûndersyk docht nammentlik bliken dat jongerein minder - of net - drinkt yn in omjouwing dêr't gjin alkohol is.

Fan de 12- oant 17-jierrigen seit 38 persint oait alkohol dronken te hawwen. In fiifde part jout oan yn de lêste fjouwer wiken fiif of mear drankjes hân te hawwen en 15 persint seit yn de ôfrûne moanne dronken west te hawwen.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Wat seit de jeugd der sels oer?

It ûndersyk is yn opdracht fan de Fryske gemeenten útfierd troch Onderzoeksbureau Objectief. It Platform Nuchtere Fries koördinearret it ûndersyk. Yn dat platfoarm wurkje alle Fryske gemeenten gear mei GGD Fryslân, Verslavingszorg Noord Nederland, plysje Fryslân, Koninklijke Horeca Nederland en provinsje Fryslân mei as doel om it alkohol- en drugsbrûken ûnder jongerein werom te bringen.

Trefwurden: 
ûndersyk jeugd alkohol
(advertinsje)
(advertinsje)