Gemeente Harns krijt gelyk: net allinnich Wopke Klaver mei hûzen bouwe

02 des 2019 - 16:44

Net allinnich projektûntwikkelder Wopke Klaver mei nije hûzen bouwe yn Harns. Neffens Klaver hie hy mei de gemeente ôfpraat dat wenningbou allinnich mar yn it gebiet Ludinga plakfine mei, dat Klaver ûntwikkelet. De gemeente spruts dat lykwols tsjin, en de Hege Ried is it mei de gemeente iens.

Boargemaster Roel Sluiter fan Harns en Wopke Klaver - Foto: Omrop Fryslân

Al yn 2004 waard it earste bestimmingsplan ûndertekene foar de nij te bouwen wyk Ludinga. Neffens Klaver stie dêryn dat de gemeente allinnich yn Ludinga nije hûzen bouwe litte mocht. Neffens de gemeente hie Klaver allinnich 'eksklusiviteit' bûten de grinzen fan de stêd en mocht de gemeente wol binnen de stedsgrinzen bouwe litte.

Jierren stiene Klaver en de gemeente tsjinoer inoar yn de saak. Sa joech de rjochter yn 2016 de gemeente al gelyk, mar dêr wie Klaver tsjin yn berop gien.

(advertinsje)
(advertinsje)