Ek LTO Noord keart him tsjin hegere wetterskipslêsten foar boeren

02 des 2019 - 16:42

Boere-organisaasje LTO Noord kin him net fine yn de foarstelde ferheging fan wetterskipstariven foar Fryske boeren. De organisaasje wiist der op dat boeren ferline jier ek al in ferheging fan 600 euro oplein krigen hawwe.

Boeresleat by Hallum - Foto: Omrop Fryslân

Dêr soe troch de foarstelde ferheging nochris gemiddeld 800 euro bykomme. Neffens de LTO is dat fierstente folle en net te ferkeapjen oan de boeren.

Ien fan de bestjoerders fan LTO Noord sil moandeitejûn ynsprekke by de wetterskips-gearkomste, dêr't it foarstel yn behannele wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)