Fraksjes Weststellingwerf wolle mear mooglikheden foar lytse wynmûnen

02 des 2019 - 16:30

Fjouwer fraksjes yn de gemeenteried fan Weststellingwerf binne net tefreden mei it belied fan de provinsje wat it pleatsen fan lytse wynmûnen oanbelanget. De útwurking fan it koälysjeakkoart biedt neffens GrienLinks, D66, VVD en Sociaal Duurzaam Weststellingwerf (SDW) net genôch mooglikheden. Sy fine dat alle inisjativen oant 15 meter heech trochgean meie, bygelyks lytse mûnen by boeren op it hiem.

Lytse wynmûne - Foto: Google Street View

De gemeenteried is, útsein Blijf Stellingwarfs, foar lytse wynmûnen. Neffens de fraksjes dy't foar binne, binne lytse wynmûnen tige wichtich foar it draachflak foar de enerzjytransysje. Dêrom hawwe sy in moasje yntsjinne om op te roppen dat it kolleezje fan de gemeente reagearje moat op de 'Ontwerp-wijziging van de Verordening Ruimte.' In mûne fan 10 meter mei wol, mar krekt it stikje oant 15 meter soe in soad ferskil meitsje as it giet om it oanfoljen fan sinne-enerzjy.

Benammen de betingst dat de opwekte stroom foar eigen gebrûk wêze moat, makket de oanfraach yngewikkeld. Dêrtroch kinne doarpskoöperaasjes, soarchbuorkerijen en partikulieren gjin lytse mûnen pleatse.

SDW: "We redden het niet alleen met zonnepanelen"

Fraksjefoarsitter René de Klein fan SDW leit út wat it punt is: "Wij hebben op dit moment bijna geen molens, maar we denken dat we nu in het kader van de regionale energiestrategie om de energievoorziening te verandering het niet alleen redden met zonnepanelen en mestvergisting. We hebben windmolens nodig. Er leeft behoefte bij dorpen voor de 'Groningse molens' met een tiphoogte van 15 meter. Men wil dat graag in coöperatief verband, maar dat is met het beleid van de provincie niet mogelijk."

Koöperatyf

Dat koöperative soe neffens De Klein no krekt moai wêze, hy wit dat yn syn eigen doarp Aldlemmer der fraach is nei lytse mûnen. "Met name dat dorpsbewoners en agrariërs in samenspraak energie op willen wekken willen we zeer sterk promoten, en met de regels van Gedeputeerde Staten is dat nu niet mogelijk. Daarom hopen we invloed uit te oefenen op de besluitvorming in de Provinciale Staten."

Mei oare gemeenten

Der binne ek oare gemeenten dy't harren net fine kinne yn it provinsjaal belied. "We hebben niet in de motie opgenomen het samen te doen, maar het ligt voor de hand om gemeenschappelijk op te trekken," seit De Klein.

Fraksjefoarsitter René de Klein fan Sociaal Duurzaam Weststellingwerf (SDW)

René de Klein - Foto: SDW
(advertinsje)
(advertinsje)