Drachtster krijt twa kear wurkstraf foar oplichting fia Marktplaats

02 des 2019 - 16:25

In Drachtster moat hast 4.000 euro betelje oan acht minsken dy't er oplichte hat fia Marktplaats. De 20-jierrige man ferkocht it guod, mar levere dat net. Dêrneist moat er in wurkstraf dwaan fan 180 oeren.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It wie net de earste kear dat de Drachtster foar dit fergryp feroardiele waard. Earder hie de bernerjochter him ek al in straf ûnder betingst oplein. Omdat er no wer yn 'e fout gien is, moat er dy straf ek dwaan. It giet dan om in wurkstraf fan 40 oeren.

De man brûkte foar de ferkeap de Marktplaats-accounts fan oaren. De ynlog-gegevens dy't er dêrfoar nedich hie, hie er kocht fia Instagram.

Neffens de Drachtster waard er troch ien twongen ta de oplichting, mar dat leaude de rjochter net.

(advertinsje)
(advertinsje)