Seis ynbraken yn ien wykein yn Ljouwert en Stiens

02 des 2019 - 16:23

It ôfrûne wykein ha der fjouwer ynbraken en twa pogingen ta ynbraak west yn de gemeente Ljouwert. Dy wiene yn Stiens en yn de stêd. Dêrby binne ûnder oare sieraden en in laptop stellen.

Foto: Omrop Fryslan

Yn Stiens fernielden ynbrekkers yn twa hûzen in rút of kezyn, mar yn beide gefallen is nei alle gedachten neat stellen. Bewenners fan de Gale Hemkesstrjitte yn Ljouwert troffen it minder: dêr slûpten de ynbrekkers sneontemoarn betiid binnen en namen sieraden mei. Oan it Súdfliet yn de stêd ha ynbrekkers in Xbox en in laptop stellen.

Oan de Geraniumstrjitte yn Ljouwert is yn de nacht fan sneon op snein in tas stellen, neidat de achterdoar iepenbrutsen waard. De ynhâld fan dy tas is net bekend.

Ek oan de Troelstrawei yn Ljouwert besochten ynbrekkers in hûs binnen te kommen. Dêr waard glêsgerinkel heard, wêrnei't de ynbrekkers flechte binne sûnder wat mei te nimmen.

Trefwurden: 
Ljouwert Stiens ynbraken
(advertinsje)
(advertinsje)