Fjouwer ton subsydzje foar projekten yn Súdeast-Fryslân

02 des 2019 - 15:50

Goed tweintich projekten yn it súdeasten fan Fryslân krije jild út it Iepen Mienskipsfûns. Dat fûns it bedoeld om de leefberens yn doarpen en stêden te ferbetterjen.

De Tropyske Kas yn Beetstersweach - Foto: Tropische Kas Beetsterzwaag

Der giet dit kear ûnder oare jild nei in nij dak foar de tropyske kas yn Beetstersweach, in foarstelling om bern entûsjast te meitsjen foar oargelmuzyk en in projekt wêrby't memmen oare memmen stypje by de opfieding fan har bern. Dat projekt giet út fan de stichting Moeders Ondersteunen Moeders, dy't workshops organisearje sil. Dat lêste projekt krijt 3.000 euro, yn totaal keart it fûns dit kear hast fjouwer ton út.

(advertinsje)
(advertinsje)