Sportcast: "Cambuur moat gewoan kampioen wurde"

It wie wer in moai wykein foar de Fryske betelle fuotbalklups. Hearrenfean wûn mei 3-2 fan Vitesse en Cambuur wûn mei 3-1 fan Jong AZ. Yn dizze Sportcast hawwe wy hjir wiidweidich omtinken foar. Geert van Tuinen en Andor Faber binne dizze kear de analisten. As spesjale gast praat ek âld-Omropmeiwurker Jan Vincent van Zuiden mei. De presintaasje is yn hannen fan Arjen de Boer.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.
De oerwinning fan Hearrenfean wie moai, mar dochs benammen bysaak. De wedstriid stie nammentlik yn it teken fan de slim sike Chris de Wagt, jeugdtrainer by Hearrenfean. By ús analisten wie der in protte respekt foar de wize dêr't Hearrenfean omtinken joech oan De Wagt. De Wagt is ûnder oare âld-spiler fan SC Cambuur. Andor Faber fynt dat ek dy klup De Wagt in hert ûnder de riem stekke moatte soe.
Foar Hearrenfean begûn de wedstriid net sa bêst: binnen 20 minuten stie Vitesse mei 2-0 foar. Benammen ferdigener Ibrahim Dresevic makke gjin sterke yndruk. Jan Vincent van Zuiden is dan ek noch wat matige oer it sintrale duo by Hearrenfean: "Botman fyn ik in 'geweldenaar', mar Dresevic makket op my net in ûnútwisbere yndruk."
Geert van Tuinen fynt it noch wolris wat 'te leaf' by Hearrenfean: "Dat moat derút en dan helje se mei twa fingers yn de noas de play-offs."

"It wie gewoan in flater"

Cambuur kaam ek op efterstân tsjin Jong AZ. De goal fan Jong AZ ûntstie nei in foute pass fan keeper Sonny Stevens. Nei ôfrin spruts Henk de Jong fan in ynkalkulearre tsjingoal. Geert van Tuinen woe dêr neat fan witte: "Hy seit dat allinnich mar om Stevens yn beskerming te nimmen." Andor Faber fûn it ûnsin as dat yndie it gefal is: "Hy moat gewoan sizze 'it is in flater fan Stevens', klear."
Cambuur hat syn kopposysje ferstevige. Jan Vincent van Zuiden en Geert van Tuinen binne noch wat foarsichtich, mar Arjen de Boer doart de útspraak: "Cambuur moat gewoan kampioen wurde" no wol oan.
Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy eltse moandei by oer al it sportnijs. Presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.