Ommar Jager wurdt nije haadtrainer by Drachtster Boys

02 des 2019 - 15:33

Ommar Jager wurdt mei yngong fan 1 july de nije haadtrainer by fuotbalferiening Drachtster Boys. Hy folget Luitzen Nijboer op dy't as ynterim it wurk op him nommen hie nei it op non-aktyf setten fan Hans van der Ploeg yn oktober.

Foto: Drachtster Boys

De 42-jierrige Jager wurket no yn syn tredde seizoen by de beloften fan Drachtster Boys, dy't útkomme yn de reservehaadklasse. Earder wurke er as jeugdtrainer by FC Groningen, ACV en VV Helpman. Ommar Jager tekenet in kontrakt foar ien seizoen by Drachtster Boys.

"Ommar is een jonge ambitieuze trainer die past bij de visie van de club. Hij heeft aangetoond jonge spelers beter te maken, hun kansen te bieden en goede prestaties te leveren. Ook laten we met de aanstelling van Jager zien dat ook trainers die zich goed ontwikkelen het hoogste platform binnen onze club kunnen bereiken", ljochtet Gijs Lokhorst, foarsitter fan Drachtster Boys ta.

(advertinsje)
(advertinsje)