Kom yn de kunde mei Ingrid Spijkers, de nije haadredakteur fan Omrop Fryslân

02 des 2019 - 14:30

"Grutsk dat ik meibouwe kin oan de ambysjes fan de Omrop." Mei dy wurden waard begjin oktober bekend dat Ingrid Spijkers (49) út Ljouwert fan 1 desimber ôf de nije haadredakteur fan Omrop Fryslân wurdt. Sy nimt 25 jier oan ûnderfining op it mêd fan sjoernalistyk, kommunikaasje en ûndernimmen mei.

Foto: Omrop Fryslân

Thea van der Schaaf ynterviewde Ingrid Spijkers foar Each & Ear, it ledeblêd fan de Freonen fan Omrop Fryslân.

Ingrid Spijkers is hikke en tein op de Noard-Brabânske klaai yn it festingstedsje Willemstad. In plakje tsien minuten fan Súd-Hollân, in healoere fan it strân fan Seelân en trije kertier fan it sintrum fan Antwerpen. De leafde foar de sjoernalisyk siet der al betiid yn. De leafde foar Fryslân kaam der by doe't se Gerrit Hofstra tsjin it liif rûn.

"Gerrit en ik studearren beide oan de skoalle foar sjoernalistyk yn Tilburg doe't we in relaasje krigen. Doe't hy oan it wurk koe by Omrop Fryslân bin ik mei him meigien. Doe't de Omrop yn 1994 begûn mei telefyzje koe ik der as freelancer oan de slach. Earst as nijsferslachjouwer en letter by it ûntwikkeljen en produsearjen fan programma's."

"Dat earste jier by de Omrop wie fantastysk", ferfolget Spijkers. "Binnen in jier koe ik alle doarpen by namme, hie ik oeral west, wist ik oeral it paad en hie ik mysels it Frysk eigen makke. Ynhâldlik heuge my de grutte saken yn dy earste jierren: Meindert Tjoelker, Marianne Vaatstra. Dy diversiteit yn it sjoernalistike wurk hat my altyd oansprutsen."

Wat luts dy om yn de sjoernalistyk oan it wurk te gean?
"Ik kom út de generaasje wêryn't it 20.00-oeresjoernaal hillich wie en we de krante fan foar nei achteren liezen. It like my machtich moai om, as der dan wat barde yn de wrâld, datst dêr dan by wiest. Ik wie in hiel maatskipilik belutsen famke en nijsgjirrich nei hoe't de wrâld yn mekoar stuts. Skiednis, ierdrykskunde en ekonomy wienen myn favorite fakken."

Neist Omrop Fryslân hat Ingrid Spijkers wurke foar ferskate oare media, sa as it ANP, kranten en fakblêden. Se is ien fan de oprjochters fan Wij van PS, earder PS Produkties. De lêste jierren wurke sy as selsstannige foar ferskate opdrachtjouwers en (multymediale) projekten yn Fryslân.

"Takom jier wurd ik 50, miskien is it wol dêrom dat dizze simmer de fraach by mysels begûn te spyljen 'wat wol ik dan noch?' Myn konklúzje wie dat ik werom woe nei de sjoernalistyk, om't dat is wat my altyd dreaun hat. En doe kaam dy fakatuere fan haadredakteur by Omrop Fryslân yn byld."

Hoe hast dy taret op dy funksje?
"Ik haw besocht de Omrop like objektyf te folgjen as ik al die. Uteinlik bin ik sels ek ien fan de harkers, sjoggers en brûkers fan sosjale media dêr't it publyk fan de Omrop út bestiet. Ik haw besocht mei de eagen en earen te sjen en te harkjen fan dy minsken dêr't ik aanst foar oan it wurk sil."

Hoe sjochst tsjin dysels as haadredakteur oan?
"Omrop Fryslân is in prachtich bedriuw. Ut de nije koers dêr't de Omrop mei dwaande is, sprekt ambysje. Omrop Fryslân wol in aktive rol spylje yn ûnderwerpen dy't Friezen reitsje. Dêrby in ferbinende faktor wêze en ferdjipping bringe yn de ûnderwerpen. De Omrop wol dêryn foarop rinne. Ik hoopje echt fan herte dêroan bydrage te kinnen. Net troch te fertellen hoe't it moat - want de minsken hjir fersteane harren fak goed genôch - mar wol troch der te wêzen en de nije koers hannen en fuotten te jaan."

Ingrid Spijkers wennet mei Gerrit Hofstra oan de râne fan Ljouwert, "tusken de drokte fan de stêd en de rêst fan de natuer, krekt wat ik nedich haw." Se hawwe twa dochters, Lotte fan 20 en Elke fan 17. Yn har frije tiid mei Ingrid graach kuierje, fytse, film sjen én hat se mei Gerrit in seizoenkaart by Cambuur. Se fytste ien kear de Alvestêdetocht en rûn trije kear de Slachtemaraton.

De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân (FOF), is de stipersferieniging fan de Omrop. It doel fan de feriening is it stribjen nei in goede publike Fryske Omrop foar radio en telefyzje. De FOF soarget foar ynformaasje oer Omrop Fryslân en stipet Omrop Fryslân by syn doelstellingen en aktiviteiten.

(advertinsje)
(advertinsje)