Súdeast-Fryslân freget Ryk om 25 miljoen foar behâld leefberens

02 des 2019 - 14:05

Súdeast-Fryslân freget 25 miljoen fan it Ryk foar it leefber hâlden fan de regio. It jild moat stutsen wurde yn de doarpen en yn it lânskip. Doel is om de gefolgen fan krimp, fergrizing, klimaatferoaring en nije enerzjyfoarmen op te fangen.

Foto: Pexels.com

De gemeenten Hearrenfean, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân en Weststellingwerf, de provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân stekke yn de perioade 2020-2023 sels tusken de 50 en 80 miljoen euro yn de leefberens. It jild fan it Ryk is dêr in oanfolling op.

It Ryk nimt dêr begjin takom jier in beslút oer. Ferline wike fregen de Waadeilannen om 14 miljoen euro foar it behâld fan de leefberens.

(advertinsje)
(advertinsje)