Herman van der Meer tydlik presidint fan rjochtbank Noard-Nederlân

02 des 2019 - 13:50

Presidint Herman van der Meer fan it gerjochtshôf yn Amsterdam wurdt tydlik presidint fan de rjochtbank Noard-Nederlân. Van der Meer krijt as belangrykste taak it ferbetterjen fan de ûnderlinge ferhâldings by de rjochtbank.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It personiel fan de rjochtbank hat al in skofke gjin bertrouwen mear yn de lieding. Maria van de Schepop, de eardere presidint, stapte om dy reden dan ek op. Van der Meer sil ek in ûndersyk dwaan litte nei de situaasje by de rjochtbank.

Neist it ferbetterjen fan de ûnderlinge ferhâldings wurdt Van der Meer ek ferantwurdlik foar de werving fan in definitive presidint. Van der Meer sil yn earste ynstânsje foar in healjier oan de slach yn it noarden. Hy kombinearret dat mei syn wurk yn Amsterdam.

(advertinsje)
(advertinsje)