Opnames yn Burgum foar grutste Nederlânske oarlochsfilm ea

02 des 2019 - 12:57

Hy wurdt oankundige as de grutste Nederlânske oarlochsfilm ea: de nije film 'De Slag om de Schelde'. Opnames binne yntusken úteinset en hoewol't de rivier de Schelde yn it suden fan Nederlân leit, wurdt der filme yn de Soestpolder by Burgum. Filmmakker Alain de Levita: "We staan hier tot onze enkels in de blubber."

Foto: ANP Foto

It ferhaal fan De Slag om de Schelde spilet him yn ôf yn 1944 en giet oer de militêre operaasje fan de alliearden tsjin de Dútsers yn België en it súdwesten fan Nederlân. "Het gaat over drie jonge mensen die alle drie de oorlog op een verschillende manier meemaken. Uiteindelijk komen die drie verhalen in de film samen", fertelt produser Alain de Levita.

Unyk plakje

In grut part fan de sênes wurdt sketten yn Seelân. De kar foar de Soestpolder by Burgum is makke op basis fan de robúste omjouwing. "In Zeeland zijn alle dijken verhard, maar in Burgum lijkt het nog op de situatie uit 1944", leit De Levita út. "Vandaar dat we hier terecht zijn gekomen. Je moet je voorstellen dat Nederland heel erg aangeharkt is. Bijna niets ziet er meer uit als in 1944. Je moet heel erg goed zoeken naar plekjes die zich hiervoor lenen."

Yn de blubber

Yn Burgum wurde ferskate sênes opnaam. "We filmen op dit moment een scène waarin piloten zijn neergestort met hun vliegtuig en moeten overleven in de blubber. Ze zijn op zoek naar voedsel en droge plekjes en proberen uit handen van de Duitsers te blijven."

Fryske figuranten

Yn novimber wie in oprop foar minsken dy't meispylje woenen yn de film. "We zochten een stuk of twintig figuranten en die hebben we gevonden", fertelt De Levita. "We kunnen bepaalde scènes met figuranten uit de buurt schieten, zodat de acteurs een beetje warm blijven."

Yn novimber takom jier is de film yn de bioskopen te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)