Frjemde talen hieltyd minder populêr op skoalle: "Ik ha Frânsk en Dútsk fuort falle litten"

Bern op de middelbere skoalle fine der neat oan: Frânsk, Dútsk en tekenjen. Dy fakken fine se mar 'saai' of 'stom'. Ek de sifers op dizze fakken geane de lêste jierren hieltyd mear nei ûnderen. Dat docht bliken út ûndersyk ûnder 170.000 havo- en vwo-learlingen.
© ANP
Ut itselde ûndersyk docht lykwols ek bliken dat learlingen op de middelbere skoalle skiednis, ierdrykskunde en ekonomy hieltyd leuker begjinne te finen. Fjirdeklassers op it Ljouwerter Lyceum binne wol te sprekken oer harren dosint skiednis: "Hy docht syn bêst." Ek hjir falle de talen net echt yn de smaak. "Ik ha Frânsk en Dútsk fuort falle litten", fertelt ien fan de learlingen.

Wikselfallige learlingen

Skiednis-dosint Michel van Viersum is net fernuvere oer it nijs dat bepaalde fakken minder goed skoare. Mar dat kin takom jier wol wer hiel oars wêze, jout er oan. "Leerlingen zijn net als het weer, een beetje wisselvallig. Soms zijn ze goed bezig en soms iets minder goed."