Boeren protestearje by Wetterskip Fryslân oer flinke taryfsferheging

02 des 2019 - 17:57

By Wetterskip Fryslân sille boeren moandeitejûn protestearje. Se geane op trekkers en yn bussen nei de kommisjegearkomste fan it wetterskip yn Ljouwert. Dêr wurdt praat oer de taryfsferheging fan takom jier. Wetterskip Fryslân draait mei grutte ferliezen en moat dêrom de tariven stevich ferheegje.

It is opmerklik dat boeren manmachtich protestearje by in gearkomste fan it wetterskip, want der sitte ferskate boere-fertsjintwurdigers yn it wetterskipsbestjoer. It is ek noch net earder fertoand. De boeren wolle mei de aksje oan de remme lûke.

Agraryske bedriuwen krije yn 2020 mooglik te meitsjen mei in lêsteferheging fan 15,3%. Dat is fansels stevich, mar sy binne net de iennichste dy't mear betelje. In húshâlding mei in keaphûs betellet takom jier 8% mear en in MKB-bedriuw - mei minder grûn as in boer - 6% mear. Elkenien moat dus mear betelje.

Jildpine

De jildpine en ek de útdagingen by Wetterskip Fryslân binne grut. Wetterskip Fryslân draait mei struktureel ferlies. Foar dit jier waard rekken hâlden mei in ferlies fan 5 miljoen, mar troch ferskate ôffallers rinne dy ferliezen op oant sa'n 9 miljoen.

Drûge fuotten

Ek stiet it wetterskip foar geweldige útdagingen. De seekearing wurdt ferhege - in projekt fan in pear hûndert miljoen. En Wetterskip Fryslân is ek in wetterskip fan de grutte getallen. Der binne, om mar ris wat te neamen, 838 gemalen yn Fryslân en 8.200 peilfakken. Dêrop besunigje kin net samar, want al dy gemalen en peilfakken moatte wol beheard wurde. Boeren én boargers hawwe dêr grut belang by, want dat bepaalt oft we drûge fuotten hâlde of net.

Oare wize?

Oan in ferheging fan de tariven falt net te ûntkommen, mooglik is der romte om te sjen nei de wize wêrop. Mooglik komt op de gearkomste in foarstel om de ferheging oer meardere jierren út te smarren, bygelyks trije kear fiif persint. De pine wurdt dan ferdield. Op 17 desimber falt in beslút.

As beide partijen der net útkomme, kinne it deistich bestjoer en de dykgraaf in útnûging fan deputearre Sander de Rouwe ferwachtsje om oer de finansjele sitewaasje te praten.

Dykgraaf Paul van Erkelens

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
(advertinsje)
(advertinsje)