Weststellingwerf krijt mooglik in 'takkerûte'

02 des 2019 - 12:00

Snoeihout wurdt yn de gemeente Weststellingwerf yn de takomst mooglik ophelle. De partij Sociaal Duurzaam Weststellingwerf komt moandei yn de gemeenteriedsgearkomste mei it foarstel om de ynsammelrûte yn te stellen.

Bosk - Foto: Shutterstock.com

Op dit stuit kin snoeihout al wol fergees by de miljeustrjitte yn Wolvegea brocht wurde, mar neffens Sociaal Duurzaam Weststellingwerf is dat benammen foar minsken sûnder auto of karre in beswier. Boppedat soe ophelje neffens de partij miljeufreonliker wêze, as wannear't ynwenners allegearre apart har snoeihout fuortbringe.

De partij wiist op oare gemeenten yn Fryslân, dy't ek al sa'n rûte hawwe, lykas De Fryske Marren.

(advertinsje)
(advertinsje)