Omrin set mei nije ynstallaasje pikelwetter yn by glêdheidsbestriding

Omrin is yn Ljouwert dwaande mei de bou fan in nije sâltmingynstallaasje. Dy makket pikelwetter, dat bedoeld is foar it ferhelpen fan glêde diken. Doel is dat er dizze wike it earste pikelwetter leveret.
© Omrin
De nije ynstallaasje wurket folautomatysk en leveret fiif kear safolle pikelwetter as de ynstallaasje dy't Omrin no hat. Dêrtroch kin Omrin aanst ek pikelwetter brûke foar glêde autorûtes yn de gemeenten Ljouwert en Harns. No wurde allinne fytspaden dêrmei bewurke.
De folautomatyske ynstallaasje fan Omrin is de earste yn Nederlân.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Bert van der Molen fan Omrin
Bert van der Molen fan Omrin (2)