Doniahal yn Sint-Nyk kin foarearst noch net brûkt wurde

02 des 2019 - 10:32

It is noch net dúdlik hoe grut de skea is oan de Doniahal yn Sint-Nyk. Freed wie der in brân yn de hal, dy't ûntstie troch wurksumheden oan it dok. Yntusken is de flier wol drûch makke, om de skea dêroan safolle mooglik te beheinen.

Foto: Douwe Bijlsma

De skea oan de rest fan it gebou moat noch besjoen wurde. Moandeitemiddei is dêr in oerlis oer. Ferienings kinne foarearst noch net gebrûk meitsje fan de hal. De gemeente De Fryske Marren besiket, sa goed as mooglik, om ferienings oare akkommodaasjes oan te bieden.

Trefwurden: 
brân Sint-Nyk Doniahal
(advertinsje)
(advertinsje)